"Meitsje Van den Belt wer technysk direkeur by Cambuur"

Cambuurdirecteur Ard de Graaf is der foarstanner fan om Gerald van den Belt wer technysk direkteur te meitsjen. Van den Belt sil per 1 desimber dochs al wer by Cambuur oan it wurk. Hy sil him dwaande hâlde mei de komst fan in nij stadion.
De posysje fan technysk directeur is wer beskikber, omdat Henry van der Vegt it ôfrûne wykein besluten hat om op te stappen. Dat wie yn de eagen fan De Graaf in 'moedig besluit'.
Gjin Henk de Jong
"Alles staat goed binnen de club, alleen de afdeling voetbal niet." Rob Maas hat dêrom dien krigen. De Graaf hat noch gjin idee wa't de nije trainer wurde sil, mar de kâns dat Henk de Jong it wurdt is eins útsluten. De Jong hat sels yn febrewaris ôfskie naam. Dan leit it net foar de hân dat er oktober al wer weromkomt, seit De Graaf.