"Sportfiskjen moat Olympyske sport wurde yn 2024"

17 okt 2016 - 21:38

"De Olympyske Spelen fan 2020 komme te rap, mar yn 2024 meitsje wy seker in kâns." Harrie Holtman fan Sportvisserij Fryslân is fol betrouwen oer de kâns dat sportfiskjen in Olympyske status kriget.

De ynternasjonale sportfiskfederaasje CIPS hat in plan yntsjinne by it Olympysk Komitee. Foarsitter Ferenc Szalay tinkt dat sportfiskjen benammen in goede kâns makket fanwege it âlde en earlike karakter.

Feardichheden

Angeljen is in sport, mar dat sil de measte minsken nuver talykje. It sportelemint liket fier fuort te wêzen by de measte fiskers dy't rêstich by it wetter sitte te angeljen. Harrie Holtman fan Sportvisserij Fryslân fynt sportfiskjen wis wol in sport, omdat'tst der in protte foar kinne en witte moatst. Moatst in soad feardichheden hawwe. Dêr komt noch by dat in protte minsken de sport beoefenje en it neffens Holtman ek in aardige sport is om nei te sjen op telefyzje.

(advertinsje)
(advertinsje)