Súdwest-Fryslân wol toeristebelesting mei 25% ferheegje

17 okt 2016 - 21:11

Súdwest-Fryslân wol de toeristebelesting mei mar leafst 25 prosint ferheegje. It is foar it earst yn jierren dat de gemeente dy belesting ferheget. Sa wolle se jild binnen krije foar it yn de merk setten fan de regio. De helte fan de ekstra ynkomsten binne foar kampanjes om mear toeristen binnen te heljen.

De ûndernimmers yn Súdwest-Fryslân tinke ûngelyk oer de plannen. Guon binne benaud dat troch de hegere tariven minsken fuort bliuwe sille. Oaren binne bliid dat de gemeente lang om let jild útlûkt foar in goede reklamekampanje.

De gemeenteried praat nije wike oer de plannen.

(advertinsje)
(advertinsje)