Asscher no ek offisjeel kandidaat-listlûker PvdA

17 okt 2016 - 20:45
Lodewijk Asscher - Foto: ANP

Yn de striid om it listlûkerskip fan de PvdA krijt Jacques Monasch fan Snits net allinne konkurrinsje fan Diederik Samsom, mar ek fan Lodewijk Asscher. De fise-premier makke dat moandeitemiddei offisjeel bekend. Asscher syn kandidaatstelling wie al langere tiid praat fan.

De trije kandidaten kinne noch mear konkurrinsje krije. Nije kandidaten kinne harren noch oant 24 oktober melde. Dêrnei meie de PvdA-leden kieze wa't se as listlûker foar de Twadde Keamerferkiezings ha wolle. Op 9 desimber moat dúdlik wêze wa't de karre lûke sil.

(advertinsje)
(advertinsje)