Jong Hearrenfean wint fan Jong Cambuur yn slotsekonden

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn de Fryske twastriid tsjin Jong Cambuur wûn. Yn Ljouwert waard it 2-0 foar de Feansters. De doelpunten foelen yn de lêste minuten fan de wedstriid. Earst fersulvere Caner Cavlan yn de 90ste minút in penalty, neidat Cambuurspiler Omar El Baad Michel Vlap yn it strafskopgebiet ûnderút helle hie. Trije minuten yn blessueretiid makke Luciano Slagveer de 0-2.
Yn pûl A by de beloften bliuwt Jong Hearrenfean troch de oerwinning koprinner mei 12 punten út 5 duels. Cambuur hat 1 punt út 4 wedstriden en stiet yn de ûnderste regioanen. By it duel Jong Cambuur-Jong Hearrenfean wiene goed trijetûzen taskôgers oanwêzich.
Ungelokkige fal
El Baad fan Cambuur sei yn reaksje tsjin Omrop Fryslân dat it gjin echte penalty wie. "Hij krijgt de bal en ik ren achter hem aan. Ik haal hem in en krijgt op dat moment een soort elleboogklap in m'n gezicht. Ik val op de grond en in mijn val struikelt hij over me heen", sei El Baad. It wie mear in ûngelokkige fal as as in echte penalty. Hy fynt it teloarstellend dat de skiedsrjochter foar in penalty keazen hat.
Utstutsen foet
Michel Vlap fan Jong Hearrenfean fynt de penalty wol terjochte: "Ik kom erdoorheen, ik neem hem aan en hij valt op de grond. Hij steekt zijn voet uit en ik val over zijn voet. Dan denk ik dat het een penalty is."