Kleanbank Boalsert ek wichtich foar sosjale kontakten

Earmoed is fan alle tiden en fan oeral, sels by Fryslân. Op 17 oktober, de Ynternasjonale dei tsjin de Earmoed, wurdt dêr ekstra by stil stien. Yn Fryslân libje ek tal fan minsken ûnder de earmoedgrins, wylst oaren dat harren hast net foarstelle kinne. Yn Boalsert besykje se dêr by Kledingbank Goed Spul wat oan te dwaan. De klean spylje dêr fansels in wichtige rol, mar feitlik giet om de sjosjale kontakten en de petearen oan de grutte kofjetafel.