Provinsje wol mei opbringst wynpark duorsume doarpen meitsje

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân nimt oandielen yn Wynpark Fryslân. Deputearre Steaten hawwe dêrfoar in yntinsjeferklearring opsteld mei de inisjatyfnimmers fan it park. Mei de oandielen kin de provinsje diele yn de winst as it wynpark stroom produsearret.
De 89 wynturbines yn de Iselmar by Makkum leverje nei ferwachting 316 megawatt oan fermogen. De earste stroom sil yn 2020 opwekt wurde. De provinsje wol mei de dielname yn Wynpark Fryslân duorsume doarpen yn Fryslân kreëarje.
Fan it rendemint wol it provinsjebestjoer duorsume maatregels nimme en inisjativen stypje op it mêd fan toerisme en wurkgelegenheid by de Iselmar.