Eddy Terstal yn sjuery 48 Hours Film Project Ljouwert

Filmmakkers dy't dit jier meidogge oan de filmwedstriid 48 Hour Film Project Leeuwarden kinne harren films boardielje litte troch grutte nammen út de filmwrâld. De organisaasje fan de wedstriid makke moandei bekend dat regisseur en Gouden Kalf-winner Eddy Terstal, editor Job ter Burg, en kameraman Edwin Donders yn de sjuery sitte.
De trije sjueryleden hawwe meiwurke oan grutte films lykas Simon, Borgman en Hoe duur was de Suiker, en oan searjes lykas Rozengeur en Vodka Lime. De organisaasje fan de wedstriid is tige wiis mei de sjueryleden.
De dielnimmers oan de kompetysje moatte yn 48 oeren in film meitsje dy't oan fêststelde regels foldocht. De groepen krije ferskillende sjenres, bepaalde teksten moatte sein wurde, bepaalde personaazjes moatte yn de film foarkomme en bepaalde rekwisiten moatte te sjen wêze.
Foarige edysjes fan de Ljouwerter ferzje fan 48 Hour Film Projekt hawwe al in pear súksessen opsmiten. Sa binne meardere Ljouwerter films fertoand op it ferneamde filmfestival yn it Frânske Cannes. De kompetysje yn Ljouwert wurdt hâlden yn ferbân mei it Noardlik Filmfestival, fan 9 oant 13 novimber oansteande. In hiel soad oare stêden hawwe ek in 48 Hours Film Project.