Weropbou Nepal begjint no pas echt op gong te kommen

"Oeral en nergens begjinne minsken mei de weropbou." Dat is de earste konklúzje fan Omrop Fryslân-ferslachjouwer Gerrit de Boer dy't yn Nepal wie. It lân waard in jier lyn troffen troch in swiere ierdskodding. Gerrit beseach de skea en de weropbou, benammen fan in Frysk skoalleprojekt dêr.
"Guon oplossings binne tydlik, lykas it reparearjen fan in hûs mei golfplaten," seit De Boer. "Mar der wurdt ek in hiel protte boud. Yn de haadstêd dêr'tst in protte nije gebouwen stean sjochst, mar ek yn de bergen begjint it no op gong te kommen.
Nijbou njonken boufal
Yn de bergen binne echt dúdlik minsken dy't njonken harren boufal begjinne mei de bou fan in nij hûs. Al hat dat noch wol wat fuotten yn de ierde, want se krije in bydrage fan sa'n 3000 euro fan it regear, mar dat jild komt mar dreech harren kant út."
Fêst yn de modder
It wie foar Gerrit de Boer en de minsken fan it skoalleprojekt fan de Fryske stichting SMPN dreech om op de plakken te kommen dêr't it wurk fan de Friezen benammen plakfynt. It reisselskip moast ferskate kearen de Jeep út de modder weihelje. Dat kaam troch it swiere moessonseizoen dy't it lân hân hat, mei in soad rein.
Skoallen besjen
Froukje Nijholt is ien fan de minsken dy't by it skoalleprojekt belutsen is. It wie foar har in drege tocht by de skoallen del, mar wol in reis dêr't se tefreden op weromsjocht: "It doel is berikt. Wy woene de skoallen besjen. Boppedat woene wy sjen wêr't al dat jild fan ús sponsors bedarre is, want wy fine it ek ús plicht om dat ek yn byld te bringen."
Nij projekt
De stichting hat al wer wat nijs op it each. "Wy hawwe alwer in nije skoalle sjoen. Wy hawwe as bestjoer ek ôfpraat dat we de kommende tiid wer ien of twa skoallen bouwe sille, en dat wy in protte lytsere projekten stypje sille."