Ried fan Steat bûcht him oer fergunning kowestâl De Gaastmar

© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De Ried fan Steat bûcht him de kommende wiken oer in fergunning dy't de gemeente Súdwest-Fryslân ôfjûn hat foar in nije kowestâl yn De Gaastmar. Eigeners fan fjouwer rekreaasjewenten yn 'e omkriten hawwe de fergunning oanfochten. Sy stelle dat de stâl tsien meter oer de bebouwingsgrins komt en yn harren útsicht komt te stean.
Earder wiisde de rjochtbank it beswier fan de hân. De Ried fan Steat docht oer in wike of seis útspraak.
De oanfreegjende boer hat de heipeallen al klear te lizzen. Hy moast it jild dêrfoar sels foarsjitte, omdat de bank pas in liening ôfjaan wol as de fergunning definityf is. De boer wol mei de nijbou in stâl fan fjirtich jier âld ferfange. Hy hopet uterlik yn desimber los te kinnen mei de bou.