FIDEO: Meneer Kaktus op de planken yn Appelskea

Attraksjepark Duinen Zathe yntrodussearret in âlde bekende yn it park. Peter Jan Rens treedt op as 'Meneer Kaktus'. Hy docht dat yn syn ferneamde ljochtblauwe blauwe pyama. Johan Vlemminx spilet de rol fan Kweetniet en Mevrouw Stemband is der ek by. Meneer Kaktus wie in populêr berneprogramme fan 1986 oant 1993. Peter Jan Rens sjocht de De Grote Meneer Kaktus Show yn Appelskea as in soad 'generale repetysje'. Hy wol wol wer op telefyzje mei it programma.