Amelanner piraten besette swimbad yn Nes

17 okt 2016 - 16:29

De aksjegroep Amelander Schalken hat sneintejûn it leechsteande swimbad yn Nes ynnaam. Se binne it net iens mei de plannen fan Westcord-direkteur Harry Westers foar in grut hotel mei spa en bungalows op it plak fan it swimbad. As in Amelanner piraat nimt inisjatyfnimmer Frank Hulsebos syn plak yn by it swimbad.

De aksjefierders wolle sitten bliuwe oant der in petear komt mei de hjoeddeistige eigeners fan it swimbad dat al fjirtjin jier leechstiet. Sy wolle de grûn graach ferkeapje oan bygelyks Westcord.

Guon eilanners fine dat se neat mear te sizzen hawwe op it eilân, en dat it eilângefoel op dy wize ferlern giet. Hulsebos hat him yntusken ynstallearre op it terrein en hopet dat der mear Amelanners folgje.

(advertinsje)
(advertinsje)