Arriva wol minsken oannimme dy't dreech oan wurk komme kinne

17 okt 2016 - 16:16

Ferfiersbedriuw Arriva wol dat 1 prosint fan de meiwurkers bestiet út minsken dy't dreech oan in baan komme. It giet goed mei Arriva, en dêrom fynt direkteur Anne Hettinga dat it bedriuw in maatskiplike ferplichting hat. Se sille minsken dy't langer as in jier besykje om oan it wurk te kommen, oannimme. De earste groep fan seis bussjauffeurs is moandei oan de slach gien.

Arriva hat no noch 1200 útstjoerkrêften. De helte dêrfan wolle se in kontrakt oanbiede. Takom jier sil Arriva mei Pastiel en it UWV nije treinmasinisten sykje.

Trefwurden: 
Arriva Anne Hettinga
(advertinsje)
(advertinsje)