Thialf organisearret yn 2019 WK sprint

17 okt 2016 - 16:07

IIsstadion Thialf op it Hearrenfean is yn 2019 it toaniel fan de wrâldkampioenskippen sprint foar manlju en froulju. Dat meldt de ynternasjonale reedryduny ISU. It WK sprint is op 23 en 24 febrewaris. Snein makke de ISU ek al bekend dat it EK allround en sprint yn jannewaris 2017 yn Thialf holden wurdt yn stee fan yn it Poalske Warschau, dêr't problemen binne mei de iisbaan.

Kommersjeel direkteur Olivier Smit fan de KNSB is bliid mei it beslút fan de ISU om ek it WK sprint fan 2019 ta te wizen oan It Hearrenfean. "Het is fantastisch dat we na het EK allround en sprint komende januari nu ook het WK sprint van 2019 mogen organiseren. We hebben daarnaast ook nog eens het WK allround in 2018 in Nederland. Met het WK shorttrack komende winter in Ahoy en het EK shorttrack in 2019 komen er jaarlijks dus één of twee toptoernooien naar ons land. Die toewijzing past goed in de langetermijnvisie van de KNSB op evenementen.''

Trefwurden: 
Thialf reedriden WK sprint
(advertinsje)
(advertinsje)