Utkyktoer Rottumerplaat wurdt ôfbrutsen

Rottumerplaat © Creative Commons, Sphinx
De útkykpost op Rottumerplaat wurdt de kommende wike ôfbrutsen. De houten toer is troch de waarsomstannichheden en swammen sa oantaast, dat dizze net langer feilich is en sloopt wurde moat.
De toer wurdt benammen brûkt troch fûgelwachters fan Steatsboskbehear. De opsichters meitsje al in skoft gebrûk fan in tydlike útkykpost. Dy bliuwt earst stean.
It wachtsjen is op in nije toer, mar eigener Rykswettersteat moat dêr noch in beslút oer nimme.