Skeefwenners op Flylân en hege wenlêsten yn Kollumerlân

17 okt 2016 - 12:22

De gemiddelde hierwente yn Fryslân kostet 478 euro de moanne. 16,2 persint fan de hierders hat muoite om de wenlêsten op te bringen. It binne in pear sifers út in lanlik ûndersyk nei de betelberheid fan hierwenten fan de VNG, de Feriening fan Nederlânske Gemeenten.

It is foar it earst dat de hierwenten en de ynkommens fan de hierders yn hast hiel Nederlân mei-inoar ferbûn binne. It ûndersyk moat gemeentebestjoerders en koöperaasjes helpe om ferstannich belied te fieren op it mêd fan hierwenten.

Grutte ferskillen

Wat by it ûndersyk opfalt is dat der - ek binnen Fryslân - hiele grutte ferskillen binne. Tachtich persint fan de Fryske hierders hat neffens de VNG in 'passende wente', sis mar in wente dy't goed past by it ynkommen fan de hierder. Guon Fryske gemeenten hawwe frij hege persintaazjes minsken dy't it risiko rinne dat se de wenlêsten net betelje kinne.

Skeefwenners

Oan de oare kant binne der ek gemeenten mei in soad 'skeefwenners', minsken dy't yn in hûs sitte dat yn ferhâlding mei har ynkommen te goedkeap is. Foar de minsken is dat miskien moai, mar it is ek in probleem, want dy minsken hâlde sa wol in sosjale hierwente beset en sa hâlde je fansels ek wachtlisten yn stân.

Dit jildt benammen foar de Waadeilannen. In soad 'skeefwenners' hâlde hjir in sosjale hierwente beset. Sy soene eins trochstreame moatte nei in keaphûs of in djoerdere hierwente. Yn de praktyk bart dat net, domwei omdat dy oare wenten der net binne of fierstente djoer binne.

Flylân koprinner

Flylân is de gemeente mei it heechtste persintaazje 'skeefwenners' fan Nederlân. Neffens wethâlder Rients Hoekstra sit op it eilân mar leafst 40 persint fan de hierders yn in sosjale hierwente dy't eins 'te goedkeap' foar harren is. Trochdat de hierders net trochstreame is de wachtlist op it eilân foar in hierwente oprûn oant 191 minsken.

Wethâlder Hoekstra nimt de skeefwenners neat kwea ôf. Neffens him bliuwe de minsken yn de hierwente sitten omdat der gjin alternative wenromte te finen is. Op it eilân Flylân binne op dit stuit 40 fakatueres dy't net ynfold wurde kinne, omdat der gjin húsfesting foar is. "Er is geen enkele leegstand. Elk beschikbaar kamertje wordt bewoond door mensen die in de horeca werken", sa fertelt Hoekstra.

De gemeente hat op dit stuit gjin inkeld boukavel foar hannen dat ferkocht wurde kin oan de wenningboukorporaasje of in partikuliere ûndernimmer. Dat feroaret meikoarten wol, want de gemeente wol besykje om nijbou te realisearjen op it plak fan de âlde lege skoalle. Op dit stuit ûndersiket de gemeente noch watfoar wenten dêr it bêste boud wurde kinne. De wethâlder tinkt oan djoerdere hierwenten en wat minder djoere keapwenten. It beskieden nijbouplan moat wat ferlichting jaan foar de lange wachtlist op Flylân.

Hege wenlêsten

De groep minsken dy't muoite hat om de wenlêsten te beteljen is folle grutter: Yn Dantumadiel jildt dat foar 20,6 persint fan de hierders, yn Ljouwert foar 19,4 persint, yn Smellingerlân foar 19,6 persint. Kollumerlân hat hjir de heechste skoare: 21,6 persint fan de hierders yn dizze gemeente hat muoite om de wenlêsten te beteljen.

Neffens wethâlder Jan Benedictus fan Kollumerlân betsjut dit net dat der in soad wanbetellers binne yn Kollumerlân. De measte hierders dogge tige har best om de hier op tiid te beteljen, al is dat bygelyks foar minsken yn de bystân bytiden wol hiel dreech. De gemeente hat neffens him net folle mooglikheden om wat oan dit probleem te dwaan.

It Amelân

De gemeente Amelân ûntbrekt yn it ûndersyk. Dit komt om't dêr net in soad hierwenten binne. Minsken dy't witte wolle hoe't de eigen gemeente skoart: alle gegevens binne hjir werom te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)