Dokumintêre oer mûntsen op Skiermûntseach falt yn 'e prizen

17 okt 2016 - 12:19
Mûntsen op Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân

De KRO-dokumintêre 'De Terugkeer van de monniken op Schiermonnikoog' hat op in ynternasjonaal filmfestival yn Italië twa prizen krigen. It giet om de International Jury Award en de Signis Jury Award op it Religion Today Filmfestival yn it Italiaanske Trente. Yn de dokumintêre folgje de makkers de mûntsen fan Diepenveen dy't ferhúzje wolle nei Skiermûntseach. It eilân is ferneamd nei de mûntsen dy't dêr yn de Midsiuwen wennen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)