Ljouwerter swaait mei mes en skopt tsjin plysje-auto

17 okt 2016 - 12:08

De plysje hat sneintejûn op De Weaze in 45-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar it driigjen mei in mes. Doe't de plysje oankaam, skopte de fertochte tsjin de plysje-auto. Hy waard fuortendaliks oanhâlden en foar fierder ûndersyk meinaam nei it buro. De plysje moast yn de nacht fan sneon op snein op it Wilhelminaplein yngripe by in fjochterij tusken in groep Rotterdammers, dy't rûzje mei elkoar krigen hienen, nei't ien fan harren in boete krigen hie. Se wiene in strjitte ynriden wêr't dat net mocht. Se wienen it net iens mei de boete.

(Advertinsje)
(Advertinsje)