Bougroep Dijkstra Draisma is rapst groeiende bedriuw

© Google Maps
Bougroep Dijkstra Draisma út Boalsert krijt op 17 november de FD Gazellen Award útrikt. Dit is in priis foar de rapst groeiende bedriuwen yn Nederlân. Dy moatte finansjeel sûn wêze en trije jier lang in omsetgroei fan op syn minst 20 prosint sjen litte. Neffens direkteur Biense Dijkstra is dy omsetgroei benammen te tankjen troch om te skeakeljen fan oannimmer nei oanbieder fan wenten. Sosjale ynnovaasje, stêdlike fernijing en betelbere húsfêsting stean dêrby foarop. De FD Gazellen Awards is in inisjatyf fan ûnder oaren it Financieele Deiblêd.