Man pikt jild en scooter fan pizzabesoarger yn Ljouwert

Pizza © Omrop Fryslân
In pizzabesoarger is sneintejûn yn Ljouwert berôve fan syn jild en syn scooter. De man besoarge in pizza op de Werkmanslust en waard dêr doe opwachte troch in man. Dy bedrige him mei in mes en easke syn jild en de scooter. Hy naaide dernei út en is nettsjinsteande in Burgernetaksje fan de plysje net fûn. It giet om in man fan sa'n 1.80 meter, mei in swarte trui mei dêrop de ôfbylding fan in swart skelet. De man is tusken de 25 en 30 jier en hat in smel gesicht.