Stikkene brêge by Hillegom makket Strontrace noch spannender

Njoggen histoaryske sylskippen yn de haven fan Warkum sette moandeitemiddei fia de Iselmar en Amsterdam ôf nei it Súd-Hollânske Warmond. De skippen dogge mei oan de 43e edysje fan de Strontrace.
Alle skippen ferfiere sekken (keunst)stront, dy't yn Warmond symboalysk oanbean wurde, mar yn it ferline ferkocht waarden oan keapers yn de bollestreek. Doel fan de non-stop race is om sa gau as mooglik werom yn de Warkumer haven te kommen. It winnende skipper krijt tradisjoneel in brijleppel kado.
Problemen ûnderweis
Foar bestjoersfoarsitter en wedstrydlieder Laurens Sinasappel is de 43e edysje fan de Strontrace spannend. "De brug bij Hillegom zou eerst in stremming vanwege een kapotte motor. Toen ging 'ie toch weer draaien, maar mogelijk gaat de brug toch dicht. We houden onze vingers nu gekruist."
Koers bepale
Dielnimmer Tsjerk Hesling Hoekstra fan it skip Willem Jacob en syn sylmaten hawwe de farkaarten der al by pakt om harren rûte út te stippeljen. Foarich jier wûnen se de Strontrace. "We witte noch net krekt hokker rûte we sile sille. De wyn is noch wat ûndúdlik. Sa't it no liket moatte we de hiele tocht tsjin de wyn op. Earst moatte we beslute oft we oer Enkhuzen of Lelystêd sille. As we dan by de Oranjeslûzen binne, moatte we útmeitsje oft we earst Haarlem oandogge of Amsterdam. Mar mooglik moatte we troch de brêge by Hillegom ús plannen noch oanpasse, dus dan wurdt it wol spannend."