Monasch wol útlis oer privileezjes PvdA-rivalen

17 okt 2016 - 10:28
Twadde Keamerlid Jacques Monasch (PvdA) - Foto: ANP

Kandidaat-listlûker foar de PvdA Jacques Monasch fan Snits wol útlis fan it partijbestjoer oer de privileezjes fan syn beide konkurrinten, Diederik Samsom en Lodewijk Asscher. Yn it AD stiet moandei dat it partijbestjoer geheime ôfspraken makke hat mei Samsom en Asscher. Der soe al in hiel kampanjeplan opset wêze mei de konkurrinten fan Monasch.

Monasch makke ferline wike bekend dat er meidwaan wol yn de kampanje om listlûker fan de Twadde Keamerfraksje te wurden. Monasch jildt as alternatyf foar de fêstige oarder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)