VV Hearrenfean wint mei 3-2 by De Meern

Sneinshaadklasser VV Hearrenfean hat sneintemiddei de útwedstriid tsjin De Meern mei 3-2 wûn. Kevin Regts iepene de skoare yn de 18e minút, mar De Meern kaam in pear minuten op likense hichte fia in penalty. De thúsploech sette oan en kaam op slach fan rêst troch in prachtige goal fan Rick Kruijs op 2-1.
Brekpunt fan de wedstriid wie de reade kaart foar Lejon Cats, dêrnei makke VV Hearrenfean it ferskil en skoarde noch twa kear. Kevin Regts makke syn twadde en Robin de Boer makke 10 minuten foar tiid de winnende goal.
VV Hearrenfean stiet nei njoggen wedstriden op it 10e plak mei 11 punten út njoggen wedstriden.