Friezen pakke twadde plak by Champions League Llargues

De Nederlânske keatsers binne twadde wurden by de finales fan de Champions League foar Llargues yn it Spaanske San Sebastian. Se ferlearen yn de finale fan it Belgyske Baasrode mei 6-3.
It team fan coach Marten Feenstra bestie dit jier út Enno Kingma, Hans Wassenaar, Sjoerd de Jong, Hendrik Kootstra, Tjisse Steenstra en Kees van der Schoot. Foarôfgeand oan de wedstriden waard der traind op de baan yn Berltsum.
Llargues is in keatsfariant dy't in soad liket op jeu de pelote. It wurdt spile op asfalt op in baan fan 72 meter. It perk is sa'n 7 by 30 meter en hat in trechterfoarm. Elk jier wurde de Champions Leaguewedstriden ferkeatst en it EK en WK binne ien kear yn de twa jier.