Iten en itersark sintraal op dei fan Ljouwerter archeology

16 okt 2016 - 17:58

Ljouwerters ha snein in aktueel byld krije kinnen fan harren skiednis op de Dei fan de Ljouwerter archeology. By en yn it gebou fan it Historisch Centrum Leeuwarden wiene fynsten te sjen, mar ek de skiednis fan it iten krige rom omtinken. Net allinnich middels âld diggelwurk, want it iten wie der ek te sjen en fansels te iten.

It meast aktuele ûnderdiel wie in nij skaalmodel fan in âlde pleats dy't earder op de Aldehou stien hat.

Dat wie in lang gebou dêr't minsken en bisten mei elkoar de romte dielden. It model is makke op grûn fan archeologyske fynsten by it meitsjen fan in parkeargaraazje en alles wat de wittenskip wit oer de Romeinske tiid yn Fryslân.

Trefwurden: 
Ljouwert archeology
(Advertinsje)
(Advertinsje)