Aris ferliest mei 75-54 fan Landstede Zwolle

De basketballers fan Aris hawwe de de twadde wedstriid yn de earedifysje út tsjin Landstede Zwolle snein mei 75-54 ferlern. Oant it tredde kwart koene de Ljouwerters noch aardich bybliuwe, doe stie it 59-50, mar yn it lêste kwart skoarde Aris mar fjouwer punten en sa kaam de einstân op it boerd.
Trainer Klaas Stoppels fûn de útslach wol flattearre, mar seach ek dat syn team it yn it lêste kwart simpel út de hannen glippe liet. Kommende tiisdei moat Aris tsjin Leiden.
"Wij zijn nog niet waar we willen zijn. Speerpunten in de training zijn de vrije worpen en de fouten die we in de bucket maken."