Auto nei klapbân yn de fangrail op de A32 by It Hearrenfean
Op de A32 by It Hearrenfean is sneintemiddei in auto yn de fangrail bedarre. De oarsaak wie in klapbân. De plysje hat de bestjoerder meinaam nei it buro foar in blaastest. Fanwege it herstelwurk oan de fangrail waard ien rydstrook ôfsletten. Letter die bliken dat de bestjoerder flink tefolle dronken hie, hy moast syn rydbewiis ynleverje.