Tomkeradio hat no ek syn eigen app

16 okt 2016 - 15:14

Nei de lansearring fan de bernestjoerder Tomkeradio in jier lyn, is der no in Tomkeradio-app. Dêrmei kinne bern harkje nei in ferhaal fan Bear Boeloe, de aventoeren fan Tomke of de moaiste Fryske ferskes. De app is snein lansearre by de berneboekedei yn Terherne. De Tomkeradio-app is fergees te downloaden.

Tomkeradio wie hjoed yn it Kameleondoarp yn Terherne. Om 13.00 oere gie dêr de berneboekedei fan start. Bern koene yn de spesjale Tomkeradio-romte lekker delploffe om nei de ynternetstjoerder te harkjen en de Tomkeradio-app te ûntdekken.

Alle ferskes en ferhaaltsjes op Tomkeradio binne Frysktalich. Tomkeradio is te finen fia de websiden fan Omrop Fryslân en de Fryske biblioteken. Tomke is ek alle wykeinen op sneon en snein om 7.20 en 8.20 oere en sneintemiddeis om 16.30 oere te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje. Mear Tomke is te finen op Tomke.nl.

Trefwurden: 
Tomke-app Tomkeradio
(Advertinsje)
(Advertinsje)