Grutte drugskontrôle yn Ljouwerter binnenstêd

16 okt 2016 - 14:30
Drugskontrôle yn it hoarekagebiet yn Ljouwert - Foto: Plysje Ljouwert

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein njoggen minsken oanhâlden by in grutte drugskontrôle yn it útgeansgebiet en by it sintraal stasjon fan Ljouwert. De kontrôle hâldt ferbân mei de oanhâldende problematyk mei agressive persoanen en minsken dy't net goed wurde nei't se drugs brûkt hawwe. De plysje hat ferskate minsken kontrolearre op drugs mei help fan in drugshûn. Meardere minsken hienen soft- en harddrugs by harren. Ien persoan hie ek in mes by him.

(Advertinsje)
(Advertinsje)