Friezinne wint Hersenbokaal fan 40.000 euro

16 okt 2016 - 14:14
Friezinne Marja Steegenga (rjochts) en Ellis Merkelijn mei de priis - Foto: Hersenstichting

Arbeidscoach Marja Steegenga út Aldegea (Smellingerlân) hat de Hersenbokaal fan de Hersenstichting wûn. Tegearre mei Ellis Merkelijn út Grins krijt se 40.000 euro om harren online training 'Met MAF meer mens' fierder te ûntwikkeljen. Dy training is bedoeld foar minsken mei harsenletsel en foar harren mantelsoargers. Neffens Steegenga moatte minksen mei harsenletsel nei harren revalidaasje harsels wer in nije identiteit oanmjitte. Mei de online training wol se harsenpasjinten helpe om wer stâl oan harren libben te jaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)