Kollum: "Pimels en boarsten"

Neaken en grien de greide yn foar duorsumens © Omrop Fryslân, Evert van den Berg
Karen Bies is sûnt 1993 ferslachjouwer foar Omrop Fryslân by it nijs en makket regelmjittich reportaazjes foar Buro de Vries en Finster op Fryslân, en earder foar Omnium en De Koperen Tún. Tusken 2012 en 2016 presintearre se it nijs op telefyzje yn Hjoed. Karen skriuwt dêrneist ek kollums foar it kultureel tydskrift De Moanne en is te folgjen op Twitter.
"It nijs juster by Omrop Fryslân: der wie in fuotbaltrainer opstapt, en der wiene pimels en boarsten te sjen! Griene noch wol! Ik ha it omropfilmke op Facebook wol trije kear sjoen en moast der foaral ferskriklik om laitsje. Minsken fan alle leeftiden (mar foaral 40-plus) yn alle soarten en maten (ja, dat toch wol) draafden troch it byld hinne. Se wiene neaken en grien. Alles hopste, wibele en hong. Mar se songen en se laken hieltyd en se hiene it ek net kâld, sa te sjen. In eintsje fierderop stiene de sjoernalisten, dy’t mei in skriuwboekje en in fototastel en gewoan mei de klean oan, besochten der in ferantwurde stikje oer te skriuwen.
Ja, neakene minsken yn de greide, it is moai om te sjen. Ek al sizze se sels dat it in keunstprojekt is, dat oandacht freget foar duorsumens. Ek al miene se it écht, dat it is út leafde foar it Fryske lânskip, dat it giet oer it belang fan de mienskip, de bân tusken minske en natoer, de wearde fan de skepping. It is allegear wier. Mar it belangrykste is fansels gewoan: oandacht. Ast dysels grien fervje litst en do dûnsest blier troch it frisse gers as kij yn de maitiid, dan witst seker datst oandacht krigest fan sjoernalisten en filmploegen. Want bleat skoart, dat is gewoan sa en dat jout niks. Ik ha mei wille nei it filmke sjoen, want ik hâld fan de natoer en ik fyn it leuk as minsken wat geks dogge, foaral as it mei leave bedoelings is.
Mar sa sjogge se der yn Amearika net nei. Facebook hat it filmke der ôfhelle. We mochten der gjin minút langer nei sjen, fan ús grutte freonen fan it machtichste medium fan de wrâld. It lân dêr’t de porno-yndustry grut wurden is, dêr’t ien fan de twa presidintskandidaten froulju yn it krús gripe wol, fynt it better fan nét dat wy sjogge nei neakene griene minsken. Dy wibeljende boarsten en bongeljende pimels, yn in fris-Fryske greide fan in aardige boer oan de Simmerdyk - dy soene ús noch op hiel ferkearde gedachten bringe kinne. Hokker gedachten, dêr is elkenien hjir yn Nederlân gelokkich frij yn. En ik hoech ek écht net te witten wat jo fantasyen binne by griene pimels en boarsten. Mar de Facebook-sensuer ferbiedt jo jo eigen gedachten, troch it filmke te ferwiderjen. Facebook wol de wrâld regelje. It giet harren net om wrâldwide freonskip tusken minsken, mar om ‘likes’, advertinsjes, jild en macht.
Hâld op mei dy flauwekul, Zuckerberg. Lit ús gean. Lit ús sjonge, dûnsje en drave troch it lân. Lit ús de mienskip fiere, dy’t we binne, dy’t we hawwe, grien en bleat.
(lokkich is it filmke noch gewoan te sjen by de omrop)."