Twadde fertochte oanhâlden fan oerfal De Pein

16 okt 2016 - 10:36

De plysje hat sneontemiddei in twadde fertochte oanhâlden nei de oerfal freed op in wenning yn De Pein. Deselde dei waard in earste fertochte oanhâlden. It giet om twa manlju fan tweintich út Drachten. De oerfal wie freedtemiddei om fjouwer oere. Op dat momint wie de bewenster, in frou fan 47, allinnich thús. Se rekke by de slaanderij dy't ûntstie licht ferwûne. Se moast foar kontrôle nei it sikehûs. It ûndersyk nei de oerfal is yn folle gong, sa meldt de plysje.

Trefwurden: 
De Pein oerfal fertochte plysje
(advertinsje)
(advertinsje)