Goed jier foar Fryske otters

Otter © Omrop Fryslân
It giet goed mei de otters yn Fryslân. It tal otters yn Nederlân nimt noch altyd ta. De populaasje bestie foarich jier winter út likernôch 185 bisten. In jier earder wie dat noch 160. De measte otters komme noch altyd foar yn Fryslân en Oerisel. De grutste populaasje fan sa'n 90 otters libbet yn it Oeriselse natoergebiet de Wieden-Weerribben. Dat blykt út ûndersyk fan de universiteit fan Wageningen. De otters hawwe benammen te lijen fan it ferkear, sa'n 50 bisten waarden it lêste jier deariden.