Feanster krûpt mei fierstente folle drank efter stjoer

16 okt 2016 - 09:16
Miksdrank - Foto: Omrop Fryslân

In 27-jierrige frou fan it Hearrenfean is sneontenacht troch de plysje oanhâlden om't se fierstente folle drank hân hie. Se wegere earst mei te wurkjen oan in blaastest. De plysje fan It Hearrenfean naam har dêrom mei nei it buro. Dêr bliek dat se yndie mei tefolle drank op efter it stjoer krûpt wie. Dêrneist krige se ek noch in bekeuring om't har rydbewiis net goed lêsber wie. De plysje fan It Hearrenfean hâlde op de Nijstrjitte ek noch in man oan foar it riden sûnder rydbewiis. Hy krige proses-ferbaal.

(advertinsje)
(advertinsje)