Frou rekket macht oer stjoer kwyt en ramt Ljouwerter winkel

16 okt 2016 - 09:08
Auto ramt winkel op Hoeksterein - Foto: Kappers Media

In frou is sneontejûn op it Hoeksterein yn Ljouwert mei har auto tsjin de gevel fan in supermerk ramd. Yn de bocht by de supermerk ferlear se de macht oer it stjoer. De automobiliste en de ynsitters rekken net ferwûne. Wol is der skea oan de ruten en kezinen fan de winkel. In berger hat de auto fuortsleept.

(Advertinsje)
(Advertinsje)