SWZ Boso Snits rôlet RKHVV mei 6-2 op

15 okt 2016 - 22:11

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart Boso Snits hat de thúswedstriid tsjin RKHVV út Huissen hiel maklik mei 6-2 wûn. De Snitsers kamen yn de sechsde minút al op foarsprong troch in goal fan Wesley Tankink, mar twa minuten letter wie it ek al wer gelyk. De thúsploech wie folle sterker en kaam nei in healoere opnij op foarsprong troch in goal fan Kadir Usta (2-1). Nei rêst skoarden Tankink (penalty), Usta en Freerk de Jong (twa kear). Katendi skoarde noch foar de gasten. Einstân 6-2.

De Snitsers hawwe no 14 punten út njoggen wedstriden.

(advertinsje)
(advertinsje)