'De Suvering' fan Wergea wint twa Gouden Gurbes

Iepenloftspul 'De Suvering' fan Wergea wie de grutte winner by de Gouden Gurbe-ferkiezing 2016. Se wûnen de publykspriis en de priis foar de bêste haadrol. De faksjuery fûn it iepenloftspul 'Lang en Lokkich' fan De Hemrik de moaiste. De Gouden Gurbes waarden sneontejûn útrikt yn it teater fan Snits.
De priis foar de bêste byrol wie foar Piter Zwart, dy't de bodyguard spile yn it iepenloftspul 'Don Juan' fan Snakkerbuorren.
Priis foar de moaiste foarmjouwing wie foar 'Dwerskop' fan Burgum, dat op it akwadukt yn de Sintrale As opfierd waard. In spesjale Gurbe wie der foar alle frijwilligers dy't oan de iepenloftspullen meiwurkje. Yn de persoan fan Piet Poutsma fan it iepenloftspul fan Mitselwier waard dizze Gurbe útrikt.
De Gouden Gurbe is tsien jier lyn ynsteld troch de Ljouwerter Krante as wurdearring foar de iepenlofspullen dy't simmers rûnom yn de provinsje organisearre wurde.
Omrop Fryslân hat de hiele simmer omtinken hân foar de iepenloftspullen yn ús provinsje. Op de spesjale webside steane alle reportaazjes.