Brân op boat yn Snits: eigener nei sikehûs

De brân wie binnen yn de boat © De Vries Media
Der hat sneontejûn brân west op in boat dy't oan de Valkenstrjitte yn Snits lei. De brân wie binnen yn it skip en dêr kaam in soad reek by frij. De brânwacht hie de brân frij flot ûnder kontrôle.
De eigener fan it skip is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht, omdat hy reek ynazeme hie. De oarsaak fan de brân is net bekend.