ONS ferliest mei 3-1 by Jong Almere City

15 okt 2016 - 17:26

ONS Boso Snits hat yn Almere mei 3-1 ferlern fan Jong Almere City. Yn de earste helte wiene de beide ploegen aardich oan elkoar weage, mar ONS wie net sekuer genôch foar de goal fan de tsjinstanner. De rêststân wie 0-0.

Yn de 60e minút sette Renco van Eeken dan dochs de 0-1 op it skoareboard. Jong Almere fierde de druk op en yn de 77e minút makken se de 1-1. Yn de 80e minút waard it sels 2-1 en yn de 82e minút gie it hielendal mis en waard it 3-1. It is it fjirde ferlies op rige foar ONS.

Neffens trainer Richard Karrenbelt hie ONS muoite mei de fitheid en de snelheid fan de tsjinstanner, mar hy seach ek nei syn eigen ploech: "De eindpass is niet goed genoeg en we laten grote kansen liggen. Tegen Huizen moet het nu gebeuren".

Spits Yme Ramos fynt it "behoorlijk frustrerend dat je binnen vijf minuten drie goals tegen krijgt. Zodra we een tegengoal krijgen, wordt het voor ons erg moeilijk".

(advertinsje)
(advertinsje)