Auto mei oanhinger yn fangrail by De Tynje

De auto dy't op de oanhinger stie rekke swier skansearre © De Vries Media
Op de A7 tusken De Tynje en Beetstersweach is sneontemiddei in auto mei in oanhinger mei in auto derop yn de slip rekke en tsjin de fangrail botst. De auto op de oanhinger is dêrby swier skansearre rekke. Wierskynlik is de oanhinger oer de kop slein.
Ambulânsepersoniel hat in ynsittende kontrolearre, mar it is net bekend oft der sprake wie fan slimme ferwûnings.