Kramer: "Oanbesteging fan spoar wurdt in sukses"

15 okt 2016 - 15:40

Deputearre Johannes Kramer hat der alle fertrouwen yn dat mei in oanbesteging fan it regionale treintrajekt it optimale út de merk helle wurdt.

Dochs sit der neffens de deputearre wol in gokelement yn. 'It treinferfier wurdt op de merk set en dan is it de fraach hoefolle bedriuwen it oandoare om foar de priis fan de provinsje mei in foarstel te kommen.'

Oanbesteging

It regionale treinferfier yn Fryslân bestiet út de spoarlinen Ljouwert-Harns en Ljouwert-Starum dêr't Arriva no rydt. Begjin 2017 sil der in oanbesteging fan de regionale treintrajekten komme foar de perioade 2020-2034. Fryslân docht de oanbesteging yn gearwurking mei provinsje Grinslân en de Dútske dielsteat Nedersaksen.

Konkurrinsje foar it treinferfier

De provinsje hat der by it ryk op oantrune dat de NS ek ynskriuwt op it riden op it regionaal spoar. It is noch net wis oft de NS dat ek dwaan wol. De NS konsintrearret him oant 2019 op it ferbetterjen fan it lanlike spoarnet en hat mooglik pas dêrnei de hannen frij om ek regionaal wer wat te betsjutten. De NS liket dêrtroch dus net op tiid te wêzen om oan de kommende oanbesteging fan 2017 mei te dwaan.

Om konkurrinsje mei Arriva te skeppen is de provinsje net allinnich fan NS ôfhinklink. De oanbesteging fan it regionale treinferfier sil yn hiel Europa te sjen wêze en dat moat der foar soargje dat in soad bûtenlânske bedriuwen der op ynskriuwe. Neffens deputearre Kramer is it ek fan belang dat safolle mooglik partijen dat dogge. 'Partijen komme dan mei bettere biedings en dat betsjut in heger foarsjenningenivo foar de reizger.'

(Advertinsje)
(Advertinsje)