Erik Bakker: "Je hebt wel een soort schuldgevoel"

15 okt 2016 - 14:45

Mei dochs wol in skuldgefoel stiet oanfierder Erik Bakker sneon yn it stadion fan SC Cambuur. Inkelde oeren dêrfoar is trainer Rob Maas ûntslein. Yn neifolging dêrfan stapte ek technysk direkteur Henry van der Vegt op.

Oanlieding foar it ûntslach fan Maas wienen de minne resultaten oant no ta. Cambuur stiet op it 14e plak. En dêr heart de Ljouwerter ploech net, wit ek Bakker. "Je gaat wel bij jezelf na en vraagt je af: wat had ik eraan kunnen doen?"

"Kop van Jut"

It ûntslach fan Maas kaam net hielendal ferwachte foar Bakker. "Ik voelde het niet aankomen. Het is een vervelende dag voor de club."

Al snapt ek oanfierder Bakker wol dat as de resultaten tsjinfalle, der úteinlik konsekwinsjes binne. "We hebben gewoon te weinig punten gepakt. En dan is de trainer de kop van Jut. Dat is heel pijnlijk."

"Met plezier trainen"

De bân tusken de trainer en de spilers wie goed, beneidrukt Bakker. "Cambuur was andere trainers gewend. Maar we wenden wel aan elkaar. We gingen altijd met plezier trainen. Niemand steekt hier dan ook de vlag uit vandaag."

"Tegen beter weten in"

Foar foarsitter Kees Elzinga fan de supportersferiening fan Cambuur wie it nei de ferlerne wedstriid freed eins wol "1 en 1 is 2". Dochs hie der noch hoop op ferbettering. "Je hoopt tegen beter weten in dat ze het toch redden met z'n allen."

Hy omskriuwt it ûntslach as de "bekende bom die inslaat". Mar Elzinga sjocht ek foarút. "We hebben maar één doel en dat is promotie naar de Eredivisie. En dat kan nog steeds."

Henk en Gerald

Nei it ûntslach fan Maas en it opstappen fan Van der Vegt sirkulearje fuortendaliks al nammen fan opfolgers op de sosjale media. Sa as ek Henk de Jong. Elzinga twifelet. "Ik weet niet of het verstandig is om Henk terug te halen. Al is het wel een echte Cambuurman."

Oer Gerald van den Belt is er positiver. Van den Belt, yn it ferline ek al technysk direkteur yn Ljouwert, waard okkerdeis presintearre as nije man binnen Cambuur om de bou fan it nije stadion te belieden. "Als je iemand met zijn kennis binnenshuis hebt, waarom maak je er dan geen gebruik van?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)