Glêsplaat fan de Bosbergtoer yn Appelskea is stikken

15 okt 2016 - 14:17
Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Ien fan de glêsplaten op de nije Bosbergtoer yn Appelskea is alwer stikken. Dat is neffens in wurdfierder fan de gemeente Eaststellingwerf by it pleatsen bard. De stikkene glêsplaat wurdt mei in houten plaat ôfdutsen.

De wurdfierder seit te ferwachtsjen dat de stikkene plaat ferfongen wurde sil. De 33 meter hege Bosbergtoer is freed offisjeel iepene en is dit wykein fergees iepen foar publyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)