Iepen dei by de REC lûkt pear hûndert besikers

15 okt 2016 - 14:02

De iepen dei fan de REC yn Harns hat sneon tusken de 250 en 300 minsken lutsen. Dat is folle minder as de iepen dei fan twa jier lyn. Doe kamen in lytse 800 minsken te sjen by de Reststoffen Energie Centrale. De ôffaloven hat in nije turbine dy't te besjen wie.

Mei dizze turbine kin oan 10.000 húshâldens ekstra enerzjy levere wurde. Mar wat foaral ek de bedoeling fan de iepen dei is om minsken sjen te litten hoe't it allegear wurket yn de ôffalferwurker en it imago fan it fabryk wat positiver te krijen.

Direkteur John Vernooy fan Omrin wie de hiele dei oanwêzich en gie ek yn debat mei krityske folgers en tsjinstanners fan de REC.

Trefwurden: 
REC Harns iepen dei
(Advertinsje)
(Advertinsje)