Jagers wolle dúdlike regels

15 okt 2016 - 13:52

Wyldbehearsienheid Tsjonger en Alddjip fynt dat der mear dúdlikheid foar harren jagers komme moat. Op dit stuit is it sa dat jagers dy't yn ferskillende provinsjes wurkje, mei protte ferskillende regels te meitsjen ha.

Yn de provinsjes Drinte en Oerisel binne wer oare regels fan kracht as by ús yn Fryslân. It kin bygelyks sa wêze dat yn de iene provinsje wol in Nijlgoes ôfsketten wurde mei en yn de oare net. Dat is ferfelend foar jagers dy't yn bosken wurkje dy't oer de provinsjegrinzen rinne.

Sy moatte der bot om tinke dat se net in oertrêding meitsje.

Jachtfergunning kwyt

Neffens Gert Huisman fan wyldbehear Tsjonger en Alddjip kin de konsekwinsje fan in oertrêding betsjutte dat de jager syn jachtfergunning kwyt rekket. Hy pleit dêrom foar mear uniformiteit yn de regeljouwing.

Deputearre Johannes Kramer snapt de krityk en sil ynkoarten mei syn kollega's fan Drinte en Oerisel om tafel om tichter by mekoar te kommen yn de regeljouwing.

25 jier 

Wyldbehearsienheid Tsjonger en Alddjip bestiet 25 jier en dêrom ha se sneon in bradery organisearre by Hotel De Stripe yn Wynjewâld. Op de bradery kinne besikers útlis krije oer de jacht, mar ek oare saken dy mei it natuerbehear te krijen ha.

(Advertinsje)
(Advertinsje)