NFI drok mei saak Vaatstra

11 maaie 2012 - 10:47

Der binne yn de saak Vaatstra inkelde hûnderten DNA-profilen oantroffen dy't oerienkomsten hawwe mei it DNA fan de moardner fan Marianne Vaatstra. Dat seit ûndersiker Ate Kloosterman fan it NFI, dêr't op dit stuit in DNA-ferwantskipûndersyk plakfynt. Dy hûnderten profilen sille no fierder ûndersocht wurde om te sjen oft it giet om in famyljelid fan de dieder.

Fia bygelyks in heit of in broer fan de moardner besiket justysje dizze moard op te lossen. Marianne Vaatstra waard yn 1999 by Feankleaster ferkrêfte en fermoarde.

It is de earste moardsaak yn Nederlân dêr't in ferwantskipûndersyk yn dien wurdt. Dat is sûnt 1 april wetlik tastien. Oer in pear moanne wurde de útkomsten fan dit ûndersyk bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)