Auto stellen by ynbraak yn Snits

Autodief (argyffoto) © Omrop Fryslân
De plysje hat freedtemiddei in 26-jierrige man út de gemeente Heiloo oanhâlden. De man ried yn in stellen auto, dy't ôfkomstich wie fan in wenningynbraak yn Snits. De plysje krige earder op de dei in melding dat der in ynbraak west hie oan de Seine.
Doe't de 47-jierrige bewenner yn 'e moarntiid beneden kaam, seach er immen yn syn auto sitte. Doe't er nei dizze man tarinne woe, ried dy fuort. Binnen yn it hûs fûn it slachtoffer noch twa folle tassen mei guod, dy't de dief meinimme wold hie.
De plysje kaam de stellen auto op it spoar yn Middenmeer yn Noard-Hollân. Mooglik hat de man earder yn de nacht ek op in oar adres oan de Seine ynbrutsen.