De Falom hat betinkingsplak fusillade út Twadde Wrâldoarloch

Yn De Falom is sneontemoarn in plakette ûntbleate yn neitins oan de grutste massafusillade yn Fryslân yn de Twadde Wrâldoarloch. Dat barde yn jannewaris 1945. Doe gong in befrijdingsaksje fan trije finzenen op de brêge by De Falom mis.
In Dútske en in Belgyske SD-er kamen om en ien fan de finzenen rekke ferwûne. As wraakaksje helle de Dútske besetter tweintich politike finzenen út de finzenis yn Ljouwert. Se binne yn de greide by Dokkum deasketten.
Om dit nea te ferjitten, hawwe ynwenners fan De Falom it inisjatyf naam om in plakette te meitsjen. Dy is pleatst op de fernijde brêge fan De Falom.