UPDATE: Maas en Van der Vegt per direkt fuort by Cambuur

15 okt 2016 - 10:56

Trainer Rob Maas en technysk direkteur Henry van der Vegt fan Cambuur stappe beide per direkt op. Dat makket de Ljouwerter fuotbalklup nijskrekt bekend. Oanleiding foar it opstappen fan de manlju binne de tsjinfallende resultaten fan de ploech. Cambuur ferlear freedtejûn opnij (3-1 fan Den Bosch) en stiet op it teloarstellende 14e plak yn de Jupiler League.

Assistint-trainers Sipke Hulshoff en Arne Slot nimme foarearst de taken fan Maas oer. De direksje fan Cambuur bûget him meikoarten oer in nije trainer.

Technyks direkteur Henry van der Vegt hat nei it opstappen fan Maas syn posysje ta beskikking steld oan de klup. Dy hat syn beslút akseptearre.

"Zeer teleurstellend"

Ype Smid, foarsitter fan de ried fan kommissarissen: "Na tien wedstrijden staan we met slechts elf punten op een voorlopige veertiende plek. Daarbij gingen vijf van de zes uitwedstrijden verloren en hebben we dus al negentien verliespunten. Dat mag je zonder overdrijven een zeer teleurstellende start noemen."

"Als rvc en directie hebben we er na meerdere evaluaties geen vertrouwen meer in dat Rob Maas dit proces gaat keren. Het besluit van Henry van der Vegt om hierop zijn positie ter beschikking te stellen kunnen we alleen maar respecteren. Leuk of makkelijk is dat zeker niet, maar het zijn beslissingen die in het belang van de club moeten worden genomen", seit Smid

Finansjele konsekwinsjes

It fertrek fan Maas hat foar Cambuur wol finansjele konsekwinsjes. It kontrakt fan de trainer moat ôfkocht wurde. Om hoefolle jild it giet, wol Smid net sizze.

It tsjinfallende seizoen fan Cambuur soarget der boppedat foar dat de sfear by de club net goed is. "We moeten weer positief vooruit nu. Het plezier in het voetbal moet weer terugkomen bij ons", seit Smid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)