Kollum: "Monasch"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"Earlik, we seagen wat nuver nei him. Jacques Monasch dy’t yn Snits kaam te wenjen, om't hy yn de Twadde Keamer bliuwe woe en yn de Rânestêd fuortbarge waard op de Rânestêd-elitêre PvdA-listen.
Noch nuverder wie dat syn ynskriuwing as ynwenner fan Snits op it Snitser stedhûs op telefyzje kaam. Wêr wie dat foar nedich? Oerdreaune publisiteitssucht. Sa kaam hy op myn listje fan frjemde hapsnurkers.
Wêr kaam hy eins wei? Drachten? In Fries! Wat hie hy dien? Studearre bestjoerskunde yn Grins en politike ekonomy yn Ingelân. Siet yn Afrika en Oekraïne. In deskundige op in soad mêden, suver in wittenskipper. Siet by de Wiardi Beckman stichting, it wittenskiplik buro fan de PvdA. In soad ambysje. Ferlear yn 2008 de striid om listlûkersskip by it Europeeske parlemint yn de PvdA. Kaam wol heech op de list yn de Keamer. Hy wie yn syn libben wol hieltyd fan it ien yn it oar draafd, sa kaam hy yn it bakje koartebaanrider telâne.
Doe trof ik him ris echt. As lieder fan it moanlikse Gesprek van Sneek, ein sneintemiddeis op de feemerk. Dêr toande hy him in begryplik ynnimmend man, in hoeder fan it mienskipsgefoel, gefoel foar kultuer, ek noch mei humor. Ik wie om. De frjemde hapsnurker hie ’k no respekt foar. Dat hiene oare PvdA-leden net. Hý is in sosjaal demokraat, de PvdA is sintrum links.
Dus doe’t hy sei dat Samsom fuort moat en de partij die dat net, betanke hy foar in plakje op de nije list. Se ha dêr leau ’k in gebakje op naam, einlik dy betweter fuort. Yn dy tiid kaam ik him wer ris tsjin. En sei, yndachtich dat koartebaanriden: hast al wer wat oars fansels. Hy seach my koart oan en sei: ik denk dat je nog verrast zult worden. Yndied, dat wie ’k tongersdeitemoarn. Kandidaat listlûker.
It is net tafallich dat Samsom fan 'e wike in lading Friezen by him lâns krige. Dy’t noch efkes op papier set hiene wat se al earder mei him bepraat hienen yn Sint-Anne. Dat moast Samsom mar efkes yn it partijprogramma opnimme. Oer betelbere soarch, goed wenjen, genôch wurk, better ûnderwiis en mear yntegraasje fan flechtlingen. Dan soe it in hiel oar programma wurde, as dat wat no klearleit.
Dy Fryske striders wisten wol dat it net trochgean soe, mar se brochten sa efkes yn de publisiteit dat der yn Fryslân en dus sûnder mis ek op oare plakken, in gruttere beweging ûntstiet oer in linksere koers fan de PvdA. Dêrmei , en it wie fansels echt regissearre, wie de wei iepen foar Monasch om him iepenlik as lieder fan dy lju te presintearjen.
It andert fan it duo Spekman-Samsom wie dat se in kertier foardat Monasch syn ferhaal hâlde, lekten dat Asscher ek kandidaat wêze soe, wylst dy sei dat moat jim allegear mar ôfwachtsje. It jout oan dat se stjerrende benaud foar Monasch en syn tinken binne. Se ha no krekt sa lekker yn it kabinetsje sitten mei de VVD, der bin no foar har ek oare saken yn de wrâld as soarch, wurk, earmoede en flechtlingen.
Tongersdeitejûn siet Monasch yn Pauw. Wat wie dy alderûnhuerste lilk. Echt lilk. Fantastysk. Hy rattele oan ien tried wei troch, net ien koe der in wurd tusken krije. Hy hat en hie ek yn dat programma mar ien probleem: hy brûkt wat te bombastyske taal, hy is no ienris hiem mei dat wrâldsje dêr yn Den Haach. Mar fierder, ik moat earlik wêze, ik gie rjochtop yn de stoel sitte. Dit hie echt wat.
It oare Fryske PvdA Keamerlid Lutz Jacobi hat fjouwer jier itselde field as Monasch, al wol se der ek noch wol wat griens by ha. Lutz hat it opjûn, te wurch om de striid fierder oan te gean. Mar Lutz, as de sosjaaldemokratyske revolúsje no begjinne kin by dy 40 Fryske sosjalisten, soe it dan net de Fryske revolúsje fan Jacques en Lutz wurde kinne.
Stypje Jacques, hy is net de iennige dy’t lilk is. Lit him net allinne. As Jacques dan seit dat der nivellearring komme moat yn de arbeidskosten by bedriuwen, dan moat Lutz hieltyd roppe: jonges, jim fertsjinje nije wike like folle as de baas.
Ik sjoch jim oerwinning no al kommen."